Nacht mei matige froast

Reedride © Omrop Fryslân
De nacht fan sneon op snein wie der neffens Piet Paulusma ien mei matige froast. Yn Bakkefean, dêr't yn de nacht fan freed op sneon de leechtste temperatuer fan Fryslân metten waard, sakke it kwik nei de min 12,5 graden. Ek yn plakken as Kollum, Boalsert en Grou kaam de temperatuer om de -12 graden te lizzen. Oan de kust en op it Waad waarden temperatueren fan min acht graden helle.
Neffens Piet Paulusma bliuwt it kâlde waar noch seker oant it kommend wykein.