Gerald Sibon wer by It Fean

06 jan 2014 - 16:15

Gerald Sibon keart it kommende healjier werom by SC Hearrenfean. De 39-jierrige âld-spiler sil op in trijetal gebieten oan de slach by de klup. Sibon sil him benammen dwaande hâlde mei de jeugdôfdieling. Dêr sil er training jaan ûnder lieding fan haad jeugdoplieding Johnny Jansen. Ek wurdt de âld-oanfaller ynset by de skoutingsôfdieling. Fierder sil Sibon in rol spylje yn de bining mei de amateurklups wêrmei't Hearrenfean in gearwurkingsferbân hat.

Gerald Sibon spile oer trije perioaden (2002-2004, 2007-2010 en 2011-2012) 131 offisjele wedstriden foar SC Hearrenfean. Hy makke 46 doelpunten. Dêrmei is er noch altyd kluptopscorer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)