Fermiste plysjeman dea fûn

De fermiste plysjeman Friso Wouda fan Drachten is sneontemiddei dea fûn yn in hotel yn Zandvoort. De Ryksresjerzje en in Forensyske opspoaringsteam binne dwaande mei it ûndersyk. Ut it earste ûndersyk docht bliken dat er himsels tekoart dien hat mei syn eigen tsjinstwapen.
Friso Wouda waard sûnt tiisdeitemoarn fermist. Mei de ME en plysjehûnen is freed noch grut ûndersyk dien yn de bosken by Beetstersweach.