Sjauffeurs trapearre

04 feb 2012 - 14:59

De plysje hat freed op ferskate plakken yn de provinsje kontrôles hâlden op it ferfier fan gefaarlike stoffen. Sok ferfier is by glêde diken ferbean.

Twa bestjoerders waarden trapearre dy't wol mei gefaarlike stoffen ûnderweis wienen. Dat wie op de Ofslútdyk en op de A31 tusken Harns en Dronryp. Beide sjauffeurs krigen in bekeuring en in rydferbod.

Trefwurden: 
gefaarlike stoffen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)