Lasapparaten stellen
De plysje is dwaande mei in ûndersyk nei in ynbraak by in bedriuw oan it Alde Tsjerkhôf yn Snits. Dêr waarden yn de nacht fan tongersdei op freed twa lasapparaten en in kompressor stellen.
De dieder is nei alle gedachten it bedriuw ynkaam troch in stek en in doar iepen te brekken.