Skylge feilt oanspield hout
Foar it earst yn santjin jier wurdt der op Skylge wer in feiling hâlden fan guod dat oanspield is op it eilân. dermei wurdt in âlde tradysje nij libben ynblaasd.
Yn desimber spielde in grutte partij hout oan en dat kin sneontemiddei kocht wurde troch de heechste bieder. It hout wurdt yn kavels by-inoar lein, sadat de minsken derop biede kinne.