Waarmste 6 jannewaris

06 jan 2014 - 14:36

It is hjoed de waarmste 6 jannewaris ea metten, seit waarman Pyt Paulusma. De winter ferrint oant no ta tige waarm. De mylde lucht wurdt feroarsake troch in súdsúdwestlike streaming. Dy soarget derfoar dat it hjir waarm is. Yn Amearika is it troch in noardlike streaming krekt iiskâld is. Mar de kjeld kin hjir ek noch wol komme. Paulusma ferwachtet dat it takom wykein kâlder wurdt.

Twa jier ferlyn wie it ek hiel myld yn de earste helte fan de winter en kaam de kjeld pas letter. In soad planten en struken yn de tún frearen doe dea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)