Brân yn jeugdhonk St. Jabik

04 feb 2012 - 13:45

Yn St. Jabik hat ôfrûne nacht brân west yn in opslachromte fan in jeugdhonk oan de Kadal. De brân waard om ien oere hinne sjoen troch in foarbygonger en dy warskôge de brânwacht.

Op it momint fan de brân wiene der gjin minsken yn it jeugdhonk. Nei alle gedachten giet it om brânstichting. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
Sint-Jabik brân jeugdhonk
(advertinsje)
(advertinsje)