Oplaach LC wer fierder sakke

06 jan 2014 - 12:29

De Ljouwerter Krante sit noch altyd yn swier waar. Yn 2013 is de oplaach wer fierder sakke. De advertinsje-ynkomsten bliuwe ek leech, al is der wol sprake fan in lyts herstel yn de twadde helte fan it jier. Yn 2013 krigen 250 minsken dien by de krante. Neffens direkteur Van der Snoek is der no gjin sprake fan mooglik nije ûntslaggen. Dit jier komme der nije projekten en gearwurking mei de regionale omrop.

De Ljouwerter Krante hie fiif jier ferlyn in oplaach fan mear as 100.000 eksimplaren. Yn 2013 is er foar it earst sakke ûnder de 70.000.

Ut gegevens dy't it buro HOI op 7 jannewaris 2014 bekend makke hat, docht bliken dat it oplagesifer fan de Ljouwerter krante yn it tredde fearnsjier fan 2013 rom 3.500 eksimplaren leger lei as in jier earder. Fan it Friesch Dagblad gie de oplage yn deselde perioade mei 200 eksimplaren omheech.

Trefwurden: 
LC Ljouwerter Krante
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)