Nije fúzjesoarchgroep Reik

Yn Drachten is moandeitemoarn Reik presentearre, de namme fan de grutste soarchorganisaasje foar licht ferstanlik hendikepten yn Noard-Nederlân. Reik is ûnderdiel fan de soarchgroep Alliade en bestiet út ûnderdielen fan Talant, Tjallingahiem en Driever's Dale. De nije ynstelling hat tûzen kliïnten en goed seishûndert meiwurkers.
Attie de Graaf wie earder direkteur en bestjoerder fan Tjallingahiem. Sy is nei de fúzje direkteur fan Reik wurde. Alliade slút net út dat de groep yn de takomst troch fúzjes en gearwurking noch grutter wurdt.
Alliade is it memmebedriuw fan ûnder oare Talant, mar ek fan in tal soarch- en ferpleechhuzen yn it Noarden. De fúzje hat foareast gjin gefolgen foar de seishûndert personielsleden. Dêr wiene wol soargen oer.