Satellytsinjaal Omrop feroaret

06 jan 2014 - 10:28

It satellytsinjaal fan Omrop Fryslân Tillevyzje feroaret fan tiisdei ôf. Dat hat gefolgen foar sjoggers dy't Omrop Fryslân oer de satellyt ûntfange. Mei in âlde decoder kin dan gjin Omrop Fryslân mear sjoen wurde. Dy melding stie de ôfrûne wiken ek yn byld. Minsken dy't net witte oft de decoder geskikt is, kinne belje mei de winkel dêr't it kastje kocht is.

Foar minsken dy't fia de kabel, glêsfezel of digitenne sjogge, feroaret neat. Sy kinne Omrop Fryslân Televyzje sjen lykas altyd. Sjoch ek op: http://www.omropfryslan.nl/satellyt

Trefwurden: 
Omrop Fryslân satellyt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)