Auto op gas noch altyd populêr

It liket der net op dat de autogasynboubedriuwen slim te lijen krije fan de hegere gaspriis. Gas bliuwt in oantreklike brânstof foar in soad minsken. Dat seit Romke Postma fan auto- en gasynboubedriuw Postma út Damwâld.
De gaspriis is op 1 jannewaris op inisjatyf fan it kabinet Rutte mei 9 sinten omheech gong. By de priis fan benzine en disel komt der mar in pear sinten by. Hoewol't hy him gjin grutte soargen makket oer de takomst hakt de gaspriisferheging der wol flink yn fynt Postma.