Knegt wer Nederlânsk kampioen

Sjinkie Knegt is snein foar de twadde kear Nederlânsk kampioen wurden. Yn Amsterdam wûn de Bantegeaster de 1000 meter en waard er twadde op de 500 meter. Sneon wie der al de winst op de 1500 meter. Troch it útfallen fan syn grutste konkurrint Freek van der Wart wie Knegt dêrmei wis fan de nasjonale titel.
Van der Wart moast de striid sneintemiddei opjaan neidat er ûnderút gong wie nei de finish op de 500 meter. By de falpartij rekke syn earm út 'e kom. By de froulju gong de winst mei oermacht nei Jorien ter Mors, dy't alle ôfstannen wûn.
Knegt wûn letter op de dei ek de 3000 meter. De Bantegeaster riedt him no ta op de Europeeske kampioenskippen shorttrack, dy't fan 17 oant en mei 19 jannewaris plakfine yn it Dútske Dresden.
By de froulju gong de titel foar de fjirde kear op rige nei Jorien ter Mors. Yara van Kerkhof waard twadde, Rianne de Vries fan Lúnbert tredde. Itzhak de Laat fan Ljouwert waard by de manlju fiifde yn it einklassemint.