Akkrumer fertocht fan heling

05 jan 2014 - 12:35

In 46-jierrige Akkrumer is sneon troch de plysje oanhâlden, neidat hy in stellen bûtenboardmotor op ynternet te keap setten hie. De plysje waard warskôge troch ien dy't de motor herkende en wist dat dy stellen wie.

De plysje trof de motor yndie by de Akkrumer oan, wol wie der it ien en oar oan feroare. De ferkeaper waard oanhâlden foar heling, de man bewearde dat hy de motor in skoft werom al kocht hie en fan stellerij neat wist.

De plysje warskôget boatsjeminsken om harren bûtenboardmotoren goed ôfsletten te hâlden. Yn de winter is it rêstich yn de jachthavens en rinne dieven minder kâns om betrape te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)