Wommelser tsjin beam yn Iens

05 jan 2014 - 12:05
Ambulânse - Foto: ANP

In 29-jierrige automobilist út Wommels is sneontejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn Iens. De man rekke de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin de brêgeleuning op de Hegenserleane. Dat wie sneontejûn tsjin tsienen. Mei in ambulânse is er nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Iens
(advertinsje)
(advertinsje)