Ritsma start yn Dakar Rally

Ald-reedrider Rintje Ritsma is snein fan start gien yn de Dakar Rally. Hy is lid fan it team fan Ginaf Rally Power, dat mei seis wedstriidtrucks meidocht. Ritsma docht mei as navigator yn de service-truck, dy't yn aksje komme moat as de oare trucks pech krije. De dielnimmers moatte 8000 kilometer ôflizze, dwers troch Argentinië, Bolivia en Sily. De rally bestiet út 13 etappes.
Der is ek krityk op de rally, it soe in feestje wêze foar rike minsken en sponsors fan trucks. Der falle elk jier ferwûnen en deaden, dêrûnder binne ek taskôgers.