Snitsers falle de plysje oan

05 jan 2014 - 11:15

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn it stintrum fan Snits twa Snitsers fan 23 en 19 yn de boeien slein, neidat dy de plysje nei de kiel grypt hiene. De plysje wie dwaande mei de arrestaasje fan in man en beide fertochten bemuoiden har dêrmei.

De âldste fleach as earste in plysjeman nei de kiel en moast dêrop mei geweld yn de boeien slein wurde. De 19-jierrige woe dêrop ek in plysjeman nei de kiel fleane en waard ek yn de boeien slein. It duo is op it plysjeburo fêstsetten.

Trefwurden: 
Snits oanfalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)