Drokte by redensslipers

04 feb 2012 - 13:06

In soad Friezen wolle dit wykein graach eefkes te riden, al binne de mooglikheden dêrfoar noch hieltyd behoarlik beheind. Dat de redens út it fet komme, fernimme de bedriuwen en winkels dy't dizze dagen redens slypje.

Leo op den Kelder yn Ljouwert is ien fan dejingen dy't it drok hat mei slypjen. De skuonmakker hat in goed automatysk slypapparaat. Hy hat dêr de ôfrûne wike al 150 pear redens mei slipe. Op den Kelder kin it slypwurk goed brûke, want mei it normale reparaasjewurk is it dizze dagen wat minder.

Trefwurden: 
redens slypje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)