Winkeldief pakt yn Dokkum

© ANP XTRA
De Ljouwerter plysje hat freedtejûn in winkeldief oppakt. De man hie earder op de dei guod stellen by de Spar oan de Op de Keppels yn Dokkum. De plysje die fuortendaliks in boargernetoprop en frege minsken út te sjen nei in donkere man mei in swarte jas en in griene sjaal.
In tsjûge seach de man letter rinnen en warskôge de plysje, dy't him oanhâlden hat.