Kânsen foar suvel yn Mongoalië

03 jan 2014 - 21:44

De Fryske suvelyndustry hat in soad kânsen yn Mongoalië. Dat seit deputearre Johannes Kramer. It bedriuw The Friesian hat op it stuit kontakt mei dat lân. The Friesian is in bedriuw dat him dwaande hâldt mei de ûntwikkeling fan de suvelsektor yn oare lannen.

Deputearre Kramer hat freed kontakt hân mei in delegaasje fanút Mongoalië. Troch kontakt op te dwaan mei dat lân kinne wy yn Fryslân in soad leare fan de kultuer dy't yn de regio hearsket, wêrtroch wy mooglik ek makliker kontakt krije kinne mei lannen as Afganistan en Irak.

De bedoeling is dat it bedriuw The Friesian ein dizze moanne in yntinsjeferklearring ûndertekenet mei minsken út Mongoalië.

Trefwurden: 
Sina molke Mongoalië
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)