Breeuwsma op NK allinne 500 m
Daan Breeuwsma docht op it NK shorttrack yn Amsterdam allinne mei op de 500 meter. De 25-jierrige Aldeboarnster is lykwols bliid dat hy wer meidwaan kin. De ôfrûne trije wiken kampte hy mei in firusynfeksje. Hy moast dêrtroch rêst pakke en koe net traine. Dat sit him ek yn it paad foar de Olympyske Spelen oer fiif wike.