'Opsjitte mei weryndieling'

Fryske gemeenten dogge op dit stuit te min har bêst om ta in weryndieling te kommen. Dat sei kommissaris fan de Kening John Jorritsma freed yn syn nijjierstaspraak. Lytse gemeenten krije it de kommende tiid hieltyd swierder en kinne dêrtroch aanst net mear de holle boppe wetter hâlde. Gearwurking soe dêrom needsaaklik wêze.
Benammen yn it noardeasten en noardwesten fan ús provinsje giet it no dreech, sa seit Jorritsma. De kommissaris fynt dat de fúzje fan gemeente De Fryske Marren in foarbyld is foar de rest foar de provinsje.