Twamansbob noch net nei Spelen

Sybren Jansma © ANP
Sybren Jansma en Edwin van Calker meie noch net mei de twamansbob nei de Winterspelen yn Sotsji. By de wrâldbekerwedstriden yn Winterberg waarden se freed yn de earste run 21e. Om har te pleatsen foar de Olympyske Spelen hiene se by de earste tsien einigje moatten. Yn Igls en St. Moritz krijt it duo noch twa kânsen.
De Friezen Sybren Jansma en Jeroen Piek ha har earder wol pleatst foar de fjouwermansbob. Ek yn dy bobslide is Edwin van Calker de stjoerman.