Wichtich momint Faderpaard

De ynternasjonale cast fan de muzykteatershow Faderpaard mei 100 Fryske hynders hat inoar freedtemiddei foar it earst moete yn it WTC Expo yn Ljouwert. De show wurdt op 9 en 10 jannewaris opfierd ter ere fan it 135 jier bestean fan it Keninklik Frysk Hynste Stamboek en sil ek te sjen wêze yn it programma fan de Kulturele Haadstêd 2018.
Bekende artysten as Nynke Laverman en Brigitte Kaandorp wurkje der oan mei.