32 rjochtsaken âld en nij

Justysje yn it Noarden hat 32 saken dy't te krijen hawwe mei de ûnrêst rûn en âld en nij sa gau as mooglik yn behanneling naam. Acht dêrfan wurde middels in rjochtsaak ôfhannele. Fan de oarspronklike 32 saken komme der 15 út Fryslân. By fiif dêrfan giet it om geweld tsjin in plysjeman of frou. Dan kin it gean om it bedriigjen fan de plysje, mar ek om ferset by de oanhâlding.
Der is mar ien saak geskikt foar de snelrjochtsitting dy't op 13 jannewaris hâlden wurdt yn Grins. Dêrby giet it om in Fries dy't in portier bedrige hat.
By oare saken is der bygelyks mear ûndersyk nedich foardat dy foar de rjochter brocht wurde. Mar der binne ek guon dy't sûnder tuskenkomst fan de rjochter in fikse boete krigen ha.