Konkoers Noard-Nederlân los

03 jan 2014 - 14:13

Yn Drachten wurdt freed úteinset mei it Internationaal Concours Noord Nederland. It hynste-evenemint kaam trije jier lyn nei Drachten ta en is útgroeid ta in begryp. Dochs hat de organisaasje noch in soad ambysje. Sa wolle sy takom jier in springwedstriid fan 4 stjerren organisearje. Oant no ta is trije stjerren it heechste nivo yn Drachten. It konkoers rint oant en mei 19 jannewaris. Der binne springwedstriden, dressuerwedstriden en feestjûnen.

(advertinsje)
(advertinsje)