Mishanneler langer fêst

03 jan 2014 - 13:45

De 20-jierrige man út Tollebeek dy't derfan fertocht wurdt mei de jierwiksel in plysjefrou yn Drachten mishannele te hawwen, bliuwt noch twa wiken fêstsitten. Dat hat de rjochtbank besletten. It Iepenbier Ministearje hat hjir ek om frege om't it ûndersyk nei de mishanneling noch net klear is. Ek fynt sy de mishanneling te swier om te fertochte frij te litten. De man soe de plysjefrou op har kiel slein hawwe. Dêrtroch foel se op de grûn en rekke se ferwûne oan de earmtakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)