Fúzje Tjallingahiem en Alliade

03 jan 2014 - 12:29

Soarchsintrum Tjallingahiem en soarchgroep Alliade sille fusearje. De organisaasjes presintearje moandei de nije namme en de plannen foar de takomst. Se wolle dêrmei de soarch oan minsken mei in licht ferstanlike beheining ferbetterje. Benammen by Alliade bestiet al langer de winsk om dy soarch yn ien organisaasje ûnder te bringen.

Op dizze wize kinne minsken fan jong oant âld begelaat wurde troch ien organisaasje. Boppedat soarget de skaalfergrutting derfoar dat se ek better taret binne op de takomst en de feroarings yn de soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)