Wolvegeaster om it libben kaam

03 jan 2014 - 05:54

In 34-jierrige man út Wolvegea is yn de nacht fan tongersdei op freed om it libben kaam by in ûngelok op de Kuinderwei by Luttelgeest. De man miste in bocht, rekke meardere beammen en is tsjin in beam ta stilstân kaam.

De man siet allinnich yn de auto. De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)