Boer, Das en Oenema nei WK

Thijsje Oenema © awfoto.nl
De reedrydsters Margot Boer, Thijsje Oenema en Anice Das dogge op 18 en 19 jannewaris mei oan it WK sprint yn Nagano Japan. By de manlju komme Michel en Ronald Mulder en Kjeld Nuis yn aksje. Laurine van Riessen is de fjirde frou dy't oan de start komt. In wike earder is it EK allround yn Hamar. Dêr ride ûnder oare Ireen Wüst, Douwe de Vries en Yvonne Nauta.