Bilker: Wer besunigings nedich

02 jan 2014 - 23:02

De gemeente Kollumerlân moat yn it kommende jier opnij op syk nei stevige besunigingen. Mei-inoar giet it om hast 1 miljoen euro. En dat komt boppe-op de besunigings fan de ôfrûne jieren. Dat seit boargemaster Bearn Bilker. It kolleezje is no al dwaande mei de begrutting fan 2015.

Neffens Bilker kin it hast net oars of de ynwenners fan syn gemeente sille dêr wat fan fernimme. Sa is de kâns grut dat de ûnreplikgoedbelesting it kommende jier omheech moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)