NK maraton giet troch

02 jan 2014 - 22:54

It NK maraton yn Dronten giet snein dochs troch. Dat hat it reedrydbûn KNSB bekend makke, nei oerlis mei de famylje fan Sjoerd Huisman. De 27-jierige maratonrider ferstoar moandei oan in hertstilstân. Neffens de KNSB wurdt de sfear fan it evenemint wol oanpast. Sa is der in minút stilte foarôfgeand oan de wedstryd en sil der in eareronde hâlden wurde. Ek binne der inkele taspraken.

Trefwurden: 
reedriden NK maraton
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)