Crone hopet op rêstich 2014

02 jan 2014 - 22:51

2014 mei foar Ljouwert wol in rêstich jier wurde. Dat sei boargemaster Ferd Crone tongersdeitejûn op de nijjiersresepsje fan de gemeente. It ôfrûne jier hat hiel drok west foar de gemeente, troch de sintrumbrân, de ynspannings om kulturele haadstêd te wurden, de weryndieling mei Boarnsterhim, Serious Request en de promoasje fan Cambuur. Ek neamde Crone de lobby om de fleanbasis yn de stêd te hâlden. Sûnder grutte eveneminten en kalamiteiten hat de gemeente ek yn 2014 wol genôch te dwaan, sei Crone.

Dêrby doelt hy ûnder oaren op it grutte oantal taken dat fan it ryk oerhevele wurdt nei de gemeenten.

Trefwurden: 
Ljouwert Ferd Crone
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)