Taalpriis doarpskrante Mantgum

Doarpskrante 'Mandeguod' fan Mantgum krijt dit jier de priis foar it bêste Frysktalige stik fan de gemeente Littenseradiel. It giet om in bedrach fan 500 euro. De twa oare nominearden wiene De Hiele Toer út Jorwert en de Baarder Kat út Baard.
Mei-elkoar waarden 126 stikken ynstjoerd nei de sjuery, lykas kollums, fraachpetearen, ferslaggen of persoanlike ferhalen. Minne stikken wiene der neffens de sjuery net by. Mandeguod waard keazen as winner, omdat de skriuwer in persoanlike noat oan it artikel taheakke hie.