Opposysjeakkoart Fryske Marren

02 jan 2014 - 16:27

Fiif opposysjepartijen yn de gemeente de Fryske Marren ha mei elkoar in saneamd opposysjeakkoart opsteld. Dêryn stean foarstellen foar it belied fan de gemeente. Neffens PvdA, VVD, D66, Grien Links en NPP moat dit rjochting jaan oan de koers fan de Fryske Marren.

De opposysjepartijen ha krityk op de wize wêrop it hjoeddeistige CDA en FNP kolleezje ta stân kaam is. Dat soe net gebeurd wêze op grûn fan in saneamd koälysjeprogramma, mei dêryn de ôfspraken foar de kommende fjouwer jier. Ek binne se kritysk oer de nije namme fan de gemeente.

Trefwurden: 
opposysje De Fryske Marren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)