'Plysjefrou makket it goed'

Plysje-embleem © ANP
It giet nei 'omstannichheden' goed mei de plysjefrou dy't yn de nacht fan âldjiersdei yn Drachten mishannele waard troch in 20-jierrige ynwenner fan Tollebeek. Wol is se bot skrokken, seit boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân. Van Bekkum hat tongersdei koart by de plysjefrou op besite west om't hy it in hiel ferfelend ynsidint fûn.
De plysjefrou krige in fûstslach tsjin de kiel en foel achteroer, wêrby't se ferwûne rekke oan de earmtakken. Se moast foar ûndersyk nei it sikehûs en dêr die bliken dat se ferskate kniezings hie.