Tuithof hâldt sit yn 'e rie

02 jan 2014 - 14:24

Riedslid Dirk Tuithof, dy't troch Gemeentebelangen Hearrenfean út de partij set is, nimt wol syn sit yn de gemeenterie yn. Oft er dat op eigen namme docht of as riedslid foar in oare partij is noch net dúdlik. Tuithof moat dêr noch in beslút oer nimme.

Tuithof waard út Gemeentebelangen set neidat er in ynterne mail fan it kolleezje trochstjoerde nei de Ljouwerter Krante. As gefolch dêrfan moast wethâlder Hartsuiker fan Gemeentebelangen opstappe. Tuithof sels sjocht gjin kwea yn syn aksje. Hy hie ek graach by Gemeentebelangen bliuwe wollen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)