Famylje wrâldoarlochpiloat fûn

02 jan 2014 - 12:54

It is Douwe Drijver fan it Fersetsmuseum Fryslân slagge om de famylje te achterheljen fan in Amerikaanske piloat dy't yn de Twadde Wrâldoarloch delstoarten is by Murns. In pear wiken ferlyn kaam in bysûndere spjelde foar it ljocht dy't fan de piloat west hat. Mar wat dernei mei dy piloat barde, wie oant no ta net bekend.

Mei help fan argiven yn binnen- en bûtenlân en in tillefoanyske syktocht krige Drijver úteinlik in omkesizzer fan de Amerikaanske piloat oan de tillefoan.

Yn juny komt de famylje fan de piloat nei Nederlân om de spjelde te besjen.

Trefwurden: 
Fersetsmuseum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)