19e Sintrumcross Surhústerfean

02 jan 2014 - 10:35

Steatssekretaris Wilma Mansveld fan Ynfrastruktuer en Miljeu lost tongersdei om healwei tolven it startskot fan de 19e Sintrumkross yn Surhústerfean. Wichtichste blikfanger is de Nederlânske kampioen Lars van der Haar, dy't dit seizoen al trije wrâldbekerwedstriden wûn.

Ald-profhurdfytser Erik Dekker makket syn rentree yn it shirt fan De Peddelaars. De ploechlieder fan Belkin, de ploech fan Bauke Mollema, hat him ynskreaun by de wedstriid fan de masters. Dy wedstriid begjin om twa minuten oer healwei tolven en duorret 40 minuten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)