N357 ticht nei ûngelok

De N357 tusken Ljouwert en Holwert is by Ferwert ôfsletten nei in ûngelok. Der binne neffens de plysje trije auto's by it ferkearsûngelok belutsen. Ien persoan siet beknypt yn de auto, twa oare minsken binne op de plak fan it ûngelok neisjoen yn in ambulânse. Oer harren ferwûnings is noch neat bekend.
De dyk bliuwt op syn minst noch oant 11 oere moarns ticht, seit de plysje.