Sligro buorke goed yn 2013

Sligro yn Ljouwert © Google Streetview
Gruthannel Sligro, mei festigings yn Drachten en Ljouwert, hat yn 2013 in hegere omset helle as in jier earder. De omset is omheech gong mei 1,3 prosint en komt út op 2,5 miljard euro. De Foodservice hat it bêste prestearre. Wol wie de omset yn desimber leger as Sligro ferwachte hie. Ein jannewaris presintearret Sligro it folsleine jierferslach.