Belgyske frou fûn troch plysje

02 jan 2014 - 09:41

De plysje hat woansdei op de A7 by It Hearrenfean in frou út België fûn. De frou stie mei har auto fêst yn de berm en wie slim yn 'e war. Nei ûndersyk die bliken dat se al sûnt twa oere middeis fermist wie yn België. De plysje hat de frou opfong mei in kopke kofje. Famylje hat de frou letter ophelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)