Soargen om kusteroazje

02 jan 2014 - 06:17

Oan de eastkant fan Skylge is de ôfrûne 30 jier hast 400 hektare oan dunen en kwelders ferlern gien. Dat is sa'n 13 hektare yn it jier. De see en de wyn nimme it sân mei. It liket der op dat dit de kommende 10 jier sa troch gean sil as der gjin maatregels troffen wurde. Steatsboskbehear lit de natuer syn gong gean.

Neffens Ronald van Zandwijk fan Platvorm Duurzaam Landschap Terschelling wurdt de kusteroazje no wol hiel slim oan de eastkant fan Skylge. Neffens him leit de oplossing yn it opspuitsjen fan sân yn dat gebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)