Drokte by toertocht Earnewâld

Der is al in soad drokte by de toertocht op de Jan Durkspolder by Earnewâld. De earste reedriders wiene der sneontemoarn al om healwei achten, wylst offisjeel de ynskriuwing pas om healwei tsienen fan start gie. De organisaasje hat dêrop besletten om ynskriuwing nei foarren te heljen en minsken ek al earder it iis op te litten.
Om tsien oere is noch wol it offisjele startskot lost troch hurdrydster Margot Boer.