Kuppens Marsumer fan it jier

Jan Kuppens is Marsumer fan it jier © www.marssum.info
De ûnderskieding 'Marsumer fan it Jier' is dit jier takend oan Jan Kuppens. Kuppens krige de jierlikse earetitel takend yn de Aldjiersoertinkingstsjinst yn de tjerke fan Marsum. De túnbaas fan it Poptaslot hat him ûnder oare jierrenlang ynset foar it behâld fan de tsjerke, en fierder ynset yn ferskate bestjoeren. It is foar de 21ste kear dat de Marsumer fan it jier beneamd is. By de titel heart in byldsje fan in fergulde biezem, symboal foar ien dy't syn paadsje foar in oar, of foar de mienskip skjinfage hat.