Nijjierskonsert op televyzje

It nijjierskonsert fan it Noordpoolorkest is nijjiersdei op Omrop Fryslân televyzje te sjen. By it konsert yn de Drachtster Lawei binne bysûndere optredens fan tal fan Fryske solisten lykas de sjongeressen Iris Kroes, Elske DeWall en Nynke Laverman. It orkest bestiet út 42 muzikanten dy't de winnende liettekst fan de jierlikse Fryske Muzykwike fan Omrop Fryslân yn in nije komposysje mei Elske DeWall útfiere sille. Nynke Laverman bringt in oade oan de yn maart ferline jier ferstoarne dichter Tsjêbbe Hettinga.
It konsert is woansdei om 16.00 oere te sjen. Woansdeitejûn wurdt it earste part dan nochris werhelle en tongersdeitejûn is it twadde part te sjen.