Tradisjonele nijjiersdûken

01 jan 2014 - 12:43

Nijjiersdei is tradisjoneel de dei fan de nijjiersdûk. Hûnderten Friezen dûke it wetter yn foar in fris begjin fan 2014. Guon foar it goede doel, oaren om de kater fuort te spielen. Yn Boerum, op It Amelân en yn Starum binne dûken organisearre. Op It Amelân wie it al foar de tsiende kear. Yn Starum kinne dappere Friezen om 15.00 oere de Iselmar yn, mar dan moatte se wol Fryske klean oan hawwe. Ek yn de Prinsetún yn Ljouwert dûke sa'n 100 minsken it wetter yn. En op 'e Westereen dûke se yn it wetter fan de passantehaven.

De start dêr wie dien troch loko-boargemaster Roelof Bos. Hy ferfangt boargemaster Aalbers dy't mei yngong fan it nije jier nei de nije fúzjegemeente De Fryske Marren giet as earste boarger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)