Folgeren stunt mei reedriders

01 jan 2014 - 11:38

It reedrydbyld fan keunstner Hans Jouta is nijjiersdei opdûkt yn frijsteat De Folgeren by Drachten. It byld wie 20 desimber stellen út it Earnewâldster Wiid. De âldjiersploech fan de frijsteat De Folgeren wol mei it byld protestearje tsjin de bou fan in iishal yn Almere. Fan de stellerij is oanjefte dien by de plysje. Doe waard ek al rekken hâlden mei in stunt.

Aldjiersklup Vesuvius út Elslo hie ek dit jier wer in âldjiersfyt. Op it poadium yn it doarpskafee stienen fjouwer grutte muzikanten. De metalen keunstwerken fan elk sa’n 75 kilo kamen fan it popfestival Retropop yn Emmen. De leden fan Vesuvius ha de bylden mei in grutte taneg loshelle. Op it plak yn Emmen dêr't se stienen, ha se buordsjes delset mei de tekst 'Wij verzorgen op dit moment even ergens anders een positieve noot, tot na de jaarwisseling.' De klup woe it jier muzikaal begjinne foar it 175-jierich bestean fan de skoalle yn Elslo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)