Nije drankwet ferdielt jeugd

01 jan 2014 - 10:36

Jongeren fan 16 en 17 jier meie yn dit nije jier gjin alkohol mear drinke. Dat is op sa'n earste âldjiersnacht lestich tsjin te hâlden. Op in soad feesten waard it dan ek tastien. Lykas âldjiersnacht yn Appelskea. Dêr wie in feest mei sa'n 1200 man yn in seal fan attraksjepark Duinen Zathe. De jongeren sels fine de nije wet mar neat. Guon jongeren ûnder 18 jier sille har net oan it ferbod hâlde. Oaren hiene leaver in oergongsregeling sjoen. Dus allinnich in ferbod foar jongeren dy't no 16 jier wurde.

Trefwurden: 
jeugd drankwet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)