Brân yn garaazje yn Ljouwert

By in brân yn in garaazje yn Ljouwert binne fiif auto's fernield rekke. De brân oan de Gounodstrjitte bruts om in oere as fiif út en is al gau opskaald nei in middelgrutte brân. De brânwacht rukte dêrom mei meardere blusweinen út. It fjoer wie ridlik gau ûnder kontrôle. It garaazjegebou sels hat beheinde skea oprûn. De útbaarnde auto's binne fuortsleept. Hoe't de brân ûntstien is, is noch net dúdlik.